Heldersjende arrestearre

27 mrt 2007 - 10:22

Yn Ljouwert is in heldersjende (25)oanhâlden foar oplichting. Hy sei yn advertinsjes yn kranten dat er problemen yn trije dagen oplosse koe. Minsken moasten jild meinimme, dat er wosk en yn in pot die.

De klanten krigen de pot mei nei hûs. Dy moast tichtbliuwe. Makken se him iepen, dan seagen se dat der gjin jild yn siet. De man soe sa 300.000 euro stellen hawwe. Hy joech it jild út oan auto's yn syn heitelân Guinee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)