Kappers yn 'e race foar priis

Twa Fryske kappers binne nomineard foar de Coiffure_Award 2007, in hiermoade-fotografywedstryd. It binne Richard Jordan fan kapsalon Jordan Kappers en Jolanda Boersma fan K&K Kappers, beide út Ljouwert. Beiden binne nomineard yn de kategoary dameskapsels.
De sjuery hat sjoen nei it moadebyld yn kombinaasje mei kapsel, make-up en styling. De Coiffure Award wurdt op 13 maaie útrikt.