'Mear Friezen yn kanon'

Fryslân hat mear neilitten as allinnich it planetarium, sa fine de organisaasjes
Fiif Fryske organisaasjes skriuwe in brânbrief nei de kommisje dy't dwaande is mei in Nederlânske skiednis-kanon. Se fine dat Fryslân en de Fryske skiednis der mar bekaaid ôf komme yn de list mei 50 hichtepunten út de Nederlânske skiednis, dy't alle bern aanst op skoalle leare moatte.
Allinnich Eise Eisinga hat as Fryske amateur-astronoom mei syn planetarium in plakje yn de kanon krigen.