Gjin optreden Douma yn It Fean

It optreden fan sjongeres Anneke Douma yn it Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean giet net troch, omdat se op ynternet útskolden wurdt. Douma wie troch Ljouwerter ûndernimmers frege om op te treden yn har nije skyboks.
Omdat Douma de geastlik mem is fan it Woanskip, it Cambuurlied, hiene de ûndernimmers har útnoege om de skyboks al sjongend te iepenjen. Dat skeat supporters fan Hearrenfean en Cambuur yn it ferkearde kielsgat.