Sân spilers by Cambuur wei

© Omrop Fryslân
Cambuur nimt ôfskie fan sân spilers. De kontrakten fan Arnold_Herder, Martijn Roosenburg, Tim_Nijssen, Léon_Ramos, Paul Mulders en Shutlan_Axwijk dy´t nei dit seizoen ôfrinne, wurde net ferlingd.
Ek Bovar_Karim komt net werom yn it Cambuurstadion. De Sweed is no al werom nei syn heitelân, wylst syn kontrakt nei dit seizoen noch in jier trochrinne soe. Earder waard al bekend dat ek John_Stegeman net weromkomt.