SP: fragen oer oven Omrin

26 mrt 2007 - 13:41

De Steatefraksje fan de SP hat op 'e nij fragen steld oer de ôffaloven dy't Omrin yn Harns bouwe wol. De partij wol fan Deputearre Steaten witte wat der bart as der te min ôffal is.

Foar dat risiko is warskôge yn in rapport fan PriceWaterhouseCoopers. De SP is benaud dat de boarger mear betelje moat as de oven net út kin. De partij fynt dat earst sjoen wurde moat hokker gemeenten gearwurkje wolle mei Omrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)