Boat tusken Skier en Esonstêd

26 mrt 2007 - 12:04
  • In boat fan it 'midsieuske' Esonstêd nei Skier

Skiermûntseach krijt der op 6 april in ferbining mei it fêstelân by. Op dy dei begjint rederij Wagenborg mei in fearboat, dy't alle dagen minsken oersette sil tusken Skiermûntseach en rekreaasjepark Esonstêd by Eastmahorn. De boat, in katamaran, hat in kapasiteit fan 85 minsken.

Oant no ta wie it allinnich mooglik om út Lauwerseach wei mei in fear op Skier te kommen. Eartiids gie it fear nei Skier ta ek út Eastmahorn wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)