Heeringa yn DWDD

26 mrt 2007 - 11:05

Douwe Heeringa treedt moandeitejûn op yn it tv-programma De wereld draait door (DWDD). De Fryske sjonger sit yn it populêre programma om't er woansdei yn Parys optreedt. Yn Opéra Bastille sil er lieten fan Brel sjonge, yn it Frysk en it Frânsk. Yn DWDD sjongt Heeringa in part fan it nûmer Amsterdam, yn it Frysk.

Douwe Heeringa jout moandei 23 april noch in ienmalich optreden yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)