Agressive dief oanholden

25 mrt 2007 - 15:39

De plysje hat sneontemiddei in Grinzer (43) oanholden foar mishanneling en bedriging. Personiel yn in winkel oan de Nijstêd fermoede dat de fertochte guod stellen hie en ûnder syn klean ferstoppe. Doe't de fertochte fernaam dat er betrape wie, rûn er de saak út.

Bûten waard er troch it personiel oansprutsen. Hy reagearre agressyf en der folge in wrakseling mei it personiel. Hy mishannele dêrby in Ljouwerter (20) en in Britsumer (22).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)