Snits wint derby fan Ljouwert

25 mrt 2007 - 13:48

Yn de earste divyzje fan it frouljusfoljebal hat Snits mei 3-1 wûn fan Ljouwert. De setstannen wiene: 23-25, 25-21, 25-20 en 25-15.

De wedstriid gie eins allinnich noch om it 'kampioenskip fan Fryslân'. Snits is nammentlik al wis fan de B-league takom jier en de froulju fan Ljouwert hawwe harsels al feilich spile. De manlju fan Snits ferlearen mei 3-2 fan Sudosa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)