'Mear probleemwiken Ljouwert'

25 mrt 2007 - 12:45

Der binne yn Ljouwert, njonken de wyk Heechterp, mear probleemwiken dy't yn oanmerking komme moatte foar ryksjild foar wykferbettering. Dat seit de VVD yn Ljouwert, yn reaksje op it nijs fan fannewike dat 40 probleemwiken foar miljoenen opknapt wurde.

Minister Vogelaar hat jild beskikber steld. Der kaam daliks in soad krityk op de gearstalling fan de list fan probleemwiken. De minister wol graach mear ynformaasje ûntfange oer wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)