Rinne mei pappegaai of parkyt

25 mrt 2007 - 12:06

Yn Winaam koe snein kuiere wurde mei in pappegaai of parkyt. De stifting De Moderne Papagaai organisearre in 5 kilometer lange kuiertocht foar de fûgels en harren baaskes.

De kuier begûn om 13.00 oere yn Winaam sels en makke in rûntsje troch it lanlike gebiet om it doarp hinne. De wjukken fan de fûgels moasten wol koart wêze, sadat se net fuortfleane koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)