Burgumers oppakt foar geweld

© Omrop Fryslân
Yn Burgum binne freedtejûn trije jonges oanhâlden foar geweld. Se binne 15, 16 en 17 jier. Se makken yn de Skoallestrjitte opmerkings nei in oar groepke.
Der foelen klappen wêrnei't twa Burgumers fan 18 en 19 en in 20-jierrige Noardburgumer oanjefte diene. De plysje pakte de fertochten op. Minsken dy't mear witte fan 'e slaanderij kinne belje mei de plysje op 0900-8844.