Boalserter mei kokaïne oppakt

© Omrop Fryslân
In man út Boalsert is freed op It_Hearrenfean oanhâlden, omdat er drugs by him hie. De man rûn slingerjend oer de dyk. De plysje hâlde him dêrom oan en ûntduts dat er in boltsje kokaïne by him hie.
De man moast mei nei it buro. Dêr waarden by it fûljearen nochris trettjin boltsjes kokaïne fûn. De drugs binne yn beslach naam en de fertochte is fêstset.