Trekker yn de sleat by Ie

© Omrop Fryslân
Tusken Ie en Mitselwier is sneontemoarn in trekker yn de sleat riden. De bestjoerder soe skrokken wêze fan in auto foar him. De trekker klapte fansiden en kaam yn in sleat ta stilstân. De bestjoerder koe der mei help fan omstanners úthelle wurde.
It is noch net dúdlik oft de man ferwûne rekke is. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok. Om de trekker út de sleat helje te kinnen, moast de dyk in lyts skoftke ôfsletten wurde.