Aksje foar weeshûs Sri Lanka

Bern fêstje foar weeshûs yn Sri Lanka
Katolike jongeren yn Dokkum en Burgum ite 24 oeren net om jild yn te sammeljen foar in weeshûs yn Sri_Lanka. De jeugd komt de dei troch mei spultsjes, ferkes sjonge en spandoeken meitsje. Fierders stiet der in besite oan in brânwachtkazerne op it program.
De measte bern wurde sponsorre troch famylje. Se sliepen sneontenacht yn de pastory. De opbringst komt nei alle gedachten út op 500 euro.