Aksje Betiid op Stap súksesfol

24 mrt 2007 - 13:40

De aksje Vroeg_op_stap fan de froulju Gorter en Loonen út Sigerswâld hat oant no ta goed 9800 hantekens opsmiten. De froulju wolle foarelkoar krije dat de jongerein sneons betider jûns nei de disko giet.

Besikers kinne op 'e ynternetside in petysje ûndertekenje. Takom tiisdei wurde de hantekens oanbean oan leden fan 'e Twadde Keamer. De inisjatyfnimsters hoopje dan 10.000 hantekens te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)