Fryske Gea leit wurk stil

24 mrt 2007 - 12:21

De Marrekrite hie pas yn septimber begjinne moatten mei it wurk oan De Rengerspôle yn De Alde Feanen. Dat fynt it Fryske Gea. De natuerorganisaasje hat it wurk stillein fanwege briedende fûgels.

De Marrekrite is op dit stuit dwaande mei nije wâlskanten en oanlisplakken. Doel is mear toeristen nei it eilân te lûken. Neffens It Fryske Gea jout it wurk no oerlêst foar de fûgels dy't op it nêst sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)