Fytsers nominearre foar Spelen

24 mrt 2007 - 11:46

Trije Fryske baanhurdfytsers hawwe in Olympyske nominaasje krigen foar de Spelen fan 2008 yn Peking. It giet om Sipke Zijlstra, Jenning Huizinga en Eelke van der Wal. Alle trije dogge mei oan de ploegeachterfolging. Huizinga is ek nominearre foar de yndividuele achterfolging.

De nominaasje betsjut net dat se automatysk meidogge oan de Spelen. Se moatte foarbehâld toane om harren dêrfoar te kwalifisearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)