SP tsjin komst ôffaloven Harns

24 mrt 2007 - 09:19

De ôffaloven by Harns moat der net komme. Dat sei SP-Twadde Keamerlid Remi Poppe freedtejûn by in diskusjejûn yn Harns. Poppe joech dêr syn fisy op de komst fan de sintrale.

Offalferwurker Omrin wol in reststoffen enerzjy sintrale bouwe by Harns dy't al it ôffal fan Omrin ferbaarnt, mar in hoop omwenjenden binne dêr poer op tsjin. De stoffen dy't frijkomme soene net goed wêze foar de sûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)