Pyt Paulusma krijt filmrol

23 mrt 2007 - 17:44

Waarman Pyt Paulusma krijt in rol yn de nijste film fan Kabouter Plop. Pyt sil himsels spylje. Yn de sânde Plop- film rêde Plop en syn freonen in lytse pinguin út hannen fan de eigenaresse fan in restaurant. Dy rol wurdt spile troch Leontine Borsato.

It restaurant wol pinguinsop meitsje. De kabouters gean nei de súdpoal om de pinguins te warskôgjen. Adje, topkok Pierre Wind en akteur Edo Brunner krije ek in rol yn de film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)