Boat fart tsjin Ofslútdyk

23 mrt 2007 - 13:53

By Koarnwertersân is tongersdei in skip tsjin de slûs oanfearn. Dêrby is in hydraulysk ûnderdiel fan de noardbrêge rekke. De brêge woe net mear nei ûnderen. Der stie al gau in flinke file út de rjochting fan Noard- Hollân, omdat alle ferkear no fia ien brêge oer de slûzen moast.

Letter gie de brêge wer nei ûnderen mar is noch wol ôfsletten. Der moat dan ek mei in flinke fertraging rekken holden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)