Handikapten op iis Thialf
Reedride yn in rolstoel en iishockeye op spesjale redens, twa aktiviteiten dy't 300 bern fan Skoalle Lyndensteyn út Beetstersweach en Swolle tongersdei dwaan koene by har jierlikse iissport- feest yn iisstadion Thialf.
De iisbaan wie spesjaal ynrjochte om de bern mei in lichaamlike handikap op it iis te litten. Ek âld-olympysk kampioen Gianne Romme holp mei by it begelieden fan de bern.