Opskuor oer skyboks
Undernimmers út Ljouwert dy't in plak hawwe yn it Hearrenfeanstadion hawwe harren namme fan de ynternetsite www.box058.nl helle. Under ynternet- foarumskriuwers fan Cambuur en Hearrenfean binne in soad fans dy't in Ljouwerter skyboks yn it Abe Lenstra stadion provosearjend fine.
Yn de skyboks is plak foar ûndernimmers út Ljouwert. Dêr kinne sy yn 'e kunde komme mei oare ûndernimmers.