Tal ielguozzen stabyl

23 mrt 2007 - 10:09
  • Ielguozzen brûke mear sliepplakken

It tal ielguozzen winterdeis yn Fryslân bliuwt stabyl. Wol ferbliuwe se op mear sliepplakken as trije jier tebek. Dat hat in wurkgroep fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology útsocht troch de fûgels te tellen.

Septimber-oktober ferline jier waarden tolvetûzen teld en de wintermoannen wiene it noch 5500. Fryslân is wichtiger foar de ielgoes as gebiet om te oerwinterjen as om te brieden. Yn ús provinsje binne 2200 briedpearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)