Ynfal plysje yn smartshop

23 mrt 2007 - 10:02

Yn de smartshop oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean is woansdei in ynfal dien troch de plysje. Trije minsken binne oanhâlden. De plysje hie ferskate klachten krigen dat der softdrugs ferkocht waarden, ûnder oaren oan jongeren ûnder de 18.

By de ynfal fan de plysje wiene ek minderjierrigen yn de saak oanwêzich. Ien fan de fertochten kaam út Hidaard. Dêr is in profesjonele hennepkwekerij oantroffen, mei 200 planten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)