Ynformateur praat mei partijen

23 mrt 2007 - 09:46

Ynformateur Dirk Hylkema hat dizze wike mei alle sân fraksjefoarsitters fan de partijen yn Provinsjale Steaten praat oer de foarming fan in nije koalysje. Takom wike sil de CDA'er begjinne mei de twadde omloop.

Neffens de ynformateur wiene de earste petearen mei de fraskjefoarsitters goed en konstruktyf. It is noch net bekend oft it CDA en de PvdA der takom wike op út binne om in tredde partij yn de koalysje te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)