Grut ferlet fan ynrinhûs

It Toon Hermans hûs yn Maastricht
Der is yn Fryslân ferlet fan in ToonHermansHuis. Dat is in ynrinhûs foar kankerpasjinten dy't mei lotgenoaten prate wolle. Mear as 47 prosint wol gebrûk meitsje fan sa'n gelegenheid. Famyljeleden en freonen binne ek wolkom. Rûnom yn Nederlân binne al fan sokke huzen.
De kosten binne in ton yn it jier. Nei alle gedachten wurdt it Ljouwerter ToonHermansHuis oer in jier iepene.