Achlum wint priis kuierpaad

Eltsenien dy't in moai kuier paadsje betinke koe, mocht in ûntwerp ynstjoere
Doarpsbelang Achlum hat it moaiste kuierpaad fan Fryslân betocht en krijt 10.000 euro om it oan te lizzen. Achlum is de winner fan in priisfraach dy't Lânskipsbehear Fryslân ferline jier útskreaun hat. Minsken dy't in moai paadsje wisten by har doarp of stêd dat eins oanlein wurde moatte soe, koene in ûntwerp ynstjoere.
Der binne 52 Fryske kuierkes ynstjoerd. It kuierpaad fan Achlum docht no mei foar de lanlike priis.