Earste peal dialysesintrum
By sikehûs Tjongerskâns op it Hearrenfean wurdt woansdei de earste peal slein fan it nije dialysesintrum. It sintrum wurdt opset yn gearwurking mei it Ljouwerter sikehûs MCL. It is it twadde yn syn soart yn Fryslân.
Nierpasjinten yn it suden fan de provinsje binne bot holpen mei it nije dialysesintrum. Sij hoege no net fier mear te reizigjen. Se kinne der fan oktober ôf te plak.