Ferbod Happy Hours helpt net

De measte kroegen yn Ljouwert hawwe gjin Happy Hours
In ferbod op Happy Hours is gjin oplossing foar drankmisbrûk ûnder jeugd, fynt it Hoarekabûn Ljouwert. De Universiteit Twente hat fêststeld dat jongerein faak gebrûk meitsje fan priisaksjes yn kafees. Mei Happy Hours binne drankjes goedkeaper.
Minister Klink fan Folkssûnens wol in ferbod op Happy Hours. De measte kroegen en disko's yn Ljouwert hawwe gjin Happy Hours, wol spesjale studinte-aksjes.