Nije plysjeoplieding Drachten

22 mrt 2007 - 14:34
  • Boargemaster Bert middel

De gemeente Smellingerlân wol de HBO-plysjeoplieding yn Apeldoorn nei Drachten helje. Ek oare HBO-opliedings binne wolkom, sei boargemaster Middel fan Smellingerlân tongersdei by it lizzen fan de earste stien fan de plysjeakademy yn Drachten. De oplieding is foar alle Noardlike korpsen en siet earder yn Ljouwert.

It tal studinten nimt wakker ta. Dat is ek nedich om de fergrizing by ûnder mear it Fryske Plysjekorps te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)