Boalsert past goed op sinten

'Stêd fan Gysbert Japixc' draait finansjeel poerbêst
De gemeente Boalsert hat yn 2006 finansjeel goed draaid. De gemeente slút it jier ôf mei in oerskot fan in hast 6 ton. Dat is hast 4 ton mear as in jier dêrfoar. Dat komt trochdat de kosten fan 'e automatisearring fan de sosjale tsjinst minder heech útfoelen.
De risseltaten stean yn de jierrekken fan 'e gemeente. Fierders binne der yn 2006 hûndert minsken bykommen yn 'e gemeente. It tal banen yn Boalsert gie ferline jier mei 140 omheech.