Andjelic bliuwt sa goed as wis

Coach Alex Andjelic
Alex_Andjelic (66) bliuwt takom seizoen sa goed as wis coach fan de iishockeyclub Vadeko_Flyers. Neffens foarsitter Micola wolle beide partijen graach meielkoar fierder. Andjelic wol syn definitive jawurd net earder jaan as nei syn fakânsje oer fjirtjin dagen. Andjelic naam it roer yn desimber oer fan Brian_de_Bruyn.
Ek haadsponsor Vadeko knopet noch in jier oan it besteande sponsorkontrakt mei de Flyers fêst.