N31 sneon ticht fanwege wurk

De dyk tusken Harns en Surch sil tydlik ôfsluten wurde
De N31 tusken Surch en de Keningsbrêge yn Harns is fan sneontejûn 31 maart oan moandei 1 april ôfsluten foar ferkear. De ôfsluting is nedich omdat wurke wurdt oan de brêge en de dyk.
It ferkear wurdt omlaat oer de Westerseedyk en oer Achlum en Wytmarsum. Rykswettersteat wurket op dit stuit oan de ferdûbeling fan 'e dyk. Op de dyk mei no fanwege it wurk net hurder riden wurde as 70 kilometer yn 'e oere.