Frou ferwûne by Marsum

22 mrt 2007 - 11:35

By in ûngelok op de Westergoawei by Marsum is tongersdeitemoarn in frou ferwûne rekke. Se siet yn in auto dy't op it krúspunt mei de op- en ôfrit fan autodyk N31 yn botsing kaam mei in oare auto. Hoe't dat krekt koe, is net bekend.

Op it krúspunt binne faker ûngelokken. Doarpsbelang Marsum hat al oantrune op maatregels, mar oant no ta is dêr neat fan op 'e hispel kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)