'Mear toeristen út Amearika'

Paul van Gessel fan Friesland marketing
Fryslân sil yn de takomst mear Amerikaanske en Kanadeeske toeristen oer de flier krije. Dat tinkt direkteur Van Gessel fan promoasjeburo Friesland Marketing. It Nederlânsk Buro foar Toerisme sil in spesjale promoasjekampanje yn beide Noard-Amerikaanske lannen hâlde.
De measte Noard-Amerikanen komme foar heechút in pear dagen. Se jouwe oer it generaal mear jild út as oare toeristen om't se mear lúkse wolle.