Ljouwerter frou fermist

22 mrt 2007 - 10:10

Yn Ljouwert wurdt sûnt sneon de 48-jierrige Willy Wester fermist. It is net bekend hoe't de frou har hûs oan de Carolineburg ferlitten hat. Sûnt sneon hat net ien har mear sjoen. Fan frou Wester is bekend dat se in protte ynternetkontakten hie.

Frou Wester is 1.55 lang, smel en se hat slûk hier. Minsken dy't witte wêr't se is of dy't har yn de tuskentiid sjoen ha, kinne har melde by de plysje op it nûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)