Help foar toskedokters Skylge

21 mrt 2007 - 22:58

De twa toskedokters op Skylge krije help fan kollega's fan de fêste wal. Soarchfersekerder De Friesland en de gemeente sille dit regelje.

Yn de simmerperioade kinne de eilanner toskedokters it wurk faak net oan, trochdat der in soad toeristen op it eilân binne. De Friesland sil aktyf op syk nei toskedokters dy't yn de simmermoannen op it eilân wurkje wolle. De gemeente sil foar dizze minsken húsfesting regelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)