Takomst eveneminten ûnwis

It skûtsjesilen is mooglik fersteurend foar natuer
It bliuwt ûndúdllik oft grutte eveneminten lykas de Alvestêdetocht of skûtsjesilen yn de takomst trochgean kinne. Dat hat minister Verburg sein op fragen fan Twadde Keamerlid Atsma.
Neffens Atsma komt de organisaasje fan grutte eveneminten yn gefaar troch it oanwizen fan de Natura 2000-gebieten, mei strange regels foar behâld fan flora en fauna. De minister giet der fanút dat yn guon gefallen sprake wêze kin fan fersteuring fan it gebiet.