Boargemaster praat mei Suri

21 mrt 2007 - 11:22

Boargemaster Aalberts seit dat de gemeente Dantumadiel der alles oan dwaan sil om de fandalen oan te pakken dy't it Afgaanske gesin Suri lestichfalle. Hy sei dat woansdei by in besite oan de hear Suri.

It gesin Suri wennet al njoggen jier yn de Westerein, mar wurdt geregeld pesten. Ofrûne wykein is de spegel fan har auto trape en binne twa kear aaien tsjin de ruten smiten. De boargemaster tinkt dat it om in ynsidint giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)