Plysje siket autorider

© Omrop Fryslân
De plysje siket de bestjoerder fan in auto mei oanhinger, yn ferbân mei in oanriding ôfrûne sneon. De bestjoerder helle dy middei oan de Easterbuorren yn Boarnburgum in 78-jierrige fytser yn. Dy rekke koart dêrnei belutsen by in slim ûngelok en ferstoar.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei de man of frou dy't de auto mei oanhinger bestjoerde, om in ferklearring op te nimmen.