Oanjefte diskriminaasje stabyl

21 mrt 2007 - 10:32

It tal klachten oer diskriminaasje dat ferline jier binnenkommen is by Discriminatie Meldpunt Tûmba, wykt net folle ôf fan oare jierren. Yn 2006 kamen der 103 klachten binnen. Meastal leit dat tal om de hûndert hinne.

De measte klachten ha te krijen mei de herkomst fan minsken en har hûdskleur. Dat byld is lanlik ek sa. Leeftyd en handikap wurde ek neamd as reden fan diskriminaasje. Wol is der minder sprake fan bedrigings en geweld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)