Priis foar sjanson-projekt

© Omrop Fryslân
Dosinte Frânsk Carla Snijder fan it Singellandcollege hat in priis wûn foar har projekt om skoalbern te ynteressearjen foar sjansons. Yn har lessen ha learlingen it ferske En Afrique skreaun en dêr in lytse foarstelling omhinne makke mei dûns en dekôr.
De learares krige de priis op in kongres foar libjende talen. Se mei in wike nei in fjouwerstjerrehotel yn Agadir yn Marokko.