Ek romte foar wyksupermerken

21 mrt 2007 - 06:45

De gemeente Ljouwert wol dat buert- en wyksupermerken yn de stêd bestean bliuwe kinne. Dêrom wurde der grinzen steld oan hoe grut in supermerk yn Ljouwert wurde mei, sadat de lytsere ek besteansrjocht hâlde.

In saneamde hypermarché, in hiele grutte supermerk, soe der allinnich komme kinne by de nije wyk Súdlannen. Dat stiet yn de nije fyzje fan de gemeente op detailhannel yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)