Fryske nominearren NET-trofee

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits en it bedriuw Seinen projektûntwikkeling yn Ljouwert binne nominearre foar de lanlike miljeu-priis, de NET-Trofee. NET stiet foar Nationale Energie Toekomst. De priis, fan 25.000 euro, in ynsteld troch it ministearje fan VROM. Der binne lanlik 10 nominearren. De winner hat it beste nije idee foar enerzjybewust wenjen en wurkjen.
De priisútrikking is 24 april.