Slee fuort by Fryske útjouwer

Foreign Media Group te Ljouwert
Skriuwster Carry Slee stapt op by de Foreign Media Group yn Ljouwert. Dat bedriuw fersoarge sûnt in healjier de útjeften fan har boeken en cd's. De skriuwster hat har oansletten by Dutch Media yn Amstelveen.
De ôfrûne wike stapten al mear skriuwers op by de Foreign Media Group. Ek in diel fan it personiel hat syn funksje dellein. Oarsaak soe it hanneljen fan in nije oandielhâlder fan de Foreign Media Group wêze.