Gjin boaten mear troch Wergea

20 mrt 2007 - 13:54

Boaten heger as 1,50 meter kinne oer in pear jier net mear troch Wergea farre. De gemeente Boarnsterhim wol fan de beweegbere brêge in fêstenien meitsjen. Reden is dat de hjoeddeiske brêge al sa âld is en dat er no ek al mar beheind betsjinne wurdt.

De Wergeasters binne it net iens mei it plan. De nije steande mêstrûte giet ek al om it doarp hinne en der wie tasein dat it mooglik bliuwe soe om troch Wergea hinne te farren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)