Hout oanspield op it Amelân

20 mrt 2007 - 10:55

Op it strân fan it Amelân is moandeitenacht in grutte partij hout oanspield. Oan de eastkant fan it eilân lizze oer in lingte fan fjouwer kilometer balken op it strân. It hout waard moandeitemiddei al foar de kust fan it eilân sjoen.

Bewenners fan it Amelân binne al oan it jutten. De plysje en meiwurkers fan gemeente skriuwe op wat se meinimme. It hout is fan in skip ôfwaaid, wa't krekt de eigner is wurdt noch útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)