Man (44) ferwûne nei ûngelok

20 mrt 2007 - 10:41

In 44-jierrige autorider út Easterwâlde is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Weperpolder yn syn doarp.

In 49-jierrige autobestjoerder út Wynjewâld woe mei syn auto mei oanhinger links de greide ynride. De man út Easterwâlde woe krekt op dat stuit ynhelje en koe in oanriding net mear foarkomme. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)